Trunet it kolleezje oan:
Om it al besteande hanthaveningsbelied fan ús gemeente oangeande fertutearze gebouwen fuortendalik en einlings ta útfier te bringen en jierliks in rapportaazje oan de ried foar te lizzen mei de stân fan saken.
Taljochting:
• It blykt al jierren dat der yn ús gemeente net -as hiel beheind- op de kwaliteit fan wennings en oare bouwurken tafersjoch plakfynt.
• De kontrôle op de kwaliteit fan gebouwen stiet leech op de prioriteitelist fan it lêste útfieringsprogramma ‘toezicht en handhaving’.
• It kin en mei net sa wêze dat der by ferwaarleazging fan wenningen en gebouwen net hanthavene wurdt en dat der alle kearen mar mear rotte plakken yn ús gemeente bykomme kinne.
• De wetjouwing jout genôch romte om op te treden tsjin dizze praktiken, en dêr komt by dat wy yn dit programma ek al wer behoarlike útwreiding fan fte krije, dat neffens my ek mear romte jout om yn foarkommende gefallen aktyf te hanthavenjen.
• Fan de ambysje út it kolleezjeakkoart ‘Wy dogge der alles oan om de ferpaupering fan de doarpen tsjin te gean’ ha wy noch neat sjoen.
• It is in toarne yn it each fan in soad ynwenners fan ús doarpen dat dit jierren en jierren sa trochgean kin.
• It wengenot wurdt nei ûnderen helle.
• ‘Achtkarspelen oars as oars’ betsjut blykber dat wy ús doarpen sa fersluorkje litte.
Einddatum
Afgedaan
Afgedaan
Stand van zaken
231024: LIS-stuk 24-201 'Update moasje fertutearze gebouwen' is toegevoegd.
De raad is op 28 november 2024 akkoord gegaan met het voorstel de motie als afgedaan te beschouwen.