- ID
- 378
- Agendapunt
-
Raadsvergadering 2021
(5.05. Programma 5 - Sport, cultuur en recreatie)
donderdag 4 november 19:30 tot 0:00
Raadzaal - Programma
- Programma 5 - Sport, cultuur en recreatie
- Onderwerp
- Namme- en ferwiisbuorden yn it Frysk
- Portefeuillehouder
-
- M. de Haan
- Status
- Aangenomen
- Fractie(s)
-
- FNP
- PVV
- Raadsleden
-
- dhr. T.O. Brinkman
- Toelichting
- Konstatearjende dat: op it nammeboerd by it nije swimbad de Kûpe, ‘Zwembad de Kûpe’ stiet en net ‘Swimbad de Kûpe’. Fersiket it kolleezje: Dit fersin rjocht te setten en yn de takomst alle gemeentlike namme- en ferwiisbuorden yn de Fryske taal te setten. Taljochting: • It Frysk moat neffens de provinsje Fryslân mear en dúdliker te sjen wêze yn it deistich libben. • De provinsje wol de Fryske taal mear sichtber meitsje. • Gemeenten, mar ek ûndernimmers en ferienings kinne subsydzje krije fan de provinsje om it Frysk mear sichtber te meitsjen. It giet dêrby om sichtberens oan de kant fan de dyk yn de foarm fan buordsjes en opskriften, mar ek om sichtberheid fan de taal yn organisaasjes. • It is wichtich dat rûnom yn Fryslân it Frysk sichtber is, ek om Frysktaligen te stypjen by it brûken fan it Frysk. It giet derom om sjen te litten dat it Frysk gewoan is en dat it ek gewoan is om Frysk te praten. • Op 18 maaie 2021 krige de gemeente Achtkarspelen in ‘plom’ fan de Ried fan de Fryske Beweging, om’t de gemeente Achtkarspelen inkele kearen sjen litten hie hoe’t in gemeente Frysk taalbelied yn ‘e praktyk stal jaan kin. De Ried fan de Fryske Beweging, dy’t him ynset foar it Frysk, stelde dat tige op priis. • In ‘plom’ is moai, mar it wurk is noch net klear.
- Einddatum
- Afgedaan
- Afgedaan
- Stand van zaken
- 211221: It wizigjen fan ‘zwembad’ op de gevel fan De Kûpe yn ‘swimbad’ kostet sa’n € 11.000 (letters en gevelplaten). Eventuele subsydzje fan de provinsje is net bedoeld foar de ferfanging fan de letters en gevelplaten fan swimbad De Kûpe. It earste diel fan de moasje sille wy dêrom net útfiere. It twadde diel fan de moasje, yn de takomst alle gemeentlike namme- en ferwiisbuorden yn de Fryske taal sette, sil útfierd wurde. Sa binne bygelyks de ferwizings yn De Kûpe al yn it Frysk. Voorgesteld wordt de motie als afgedaan te beschouwen. 030322: De raad heeft besloten om de motie als afgedaan te beschouwen.
- Datum afdoening
- 03-03-2022
- Bijlage(s)
- Stemming
- Stemmen
-
voorFNP-fractie (3), PVV-fractie (1), CDA-fractie (2), CU-fractie (2), GBA-fractie (2), GroenLinks-fractie (1), PvdA-fractie (2), VVD-fractie (1)tegenCDA-fractie (3)