Ga naar de inhoud van deze pagina Ga naar het zoeken Ga naar het menu
Vorige pagina

Moties

Mear omtinken foar jongerein by útfiering kultuernota

ID
383
Agendapunt
Raadsvergadering 2021 (9. Kultuernota Ut de kûlizen )
donderdag 25 november 19:30 tot 23:00
Videovergadering
Programma
Programma 5 - Sport, cultuur en recreatie
Onderwerp
Mear omtinken foar jongerein by útfiering kultuernota
Portefeuillehouder
  • M. de Haan
Status
Aangenomen
Fractie(s)
  • CDA
  • ChristenUnie
  • FNP
  • GBA
  • PRO Achtkarspelen
Raadsleden
  • mevr. A.G. Zandbergen-Beishuizen
Toelichting
Freget it kolleezje om by de útwurking fan de kultuernota: 1. Folle mear as no de jongerein fan 16-30 jier aktyf te belûken. 2. De rezjy te pakken om yn gearwurking mei de pleatslike toanielferienings ensfh. te regeljen dat de jongerein in toanieloplieding folgje kin by de Wâldsang. Talintûntwikkeling en nije jonge leden binne o sa wichtich foar de persoan sels en de ferienings: toanielferienings en de Fryske Kriten, de âldste ferienings yn ús gemeente en hiel wichtich foar it útdragen fan de Fryske taal en kultuer. 3. De sosjale media yn te setten as middel om de jongerein te berikken. 4. Yn de útwurking fan belied each te hawwen foar wichtige kultuerdragers foar ús jongerein, lykas de feesttinten yn de doarpen, muzykbands yn de gemeente (lykas De Doelleazen) muzykeveneminten (lykas SOA Surhuzum) en it karbidsjitten as kultureel erfguod yn ús gemeente. Taljochting: De jongerenried fynt dat de jongerein te min plak hat yn de fyzje en yn it útfieringsplan fan it kolleezje. Wy fine dat in ynvestearring yn de jongerein himsels werom fertsjinnet. Der is te min each foar de jongeren fan 16-30 jier. Wichtige kulturele aktiviteiten foar ús jongerein, lykas de feesttinten yn ús doarpen, de muzyk fan bands as De Doelleazen, muzykeveneminten en it karbidsjitten wurde net neamd yn de nota. By de útwurking fan belied moat foar dy wichtige kultuerdragers wol plak wêze en itselde jildt foar it gebrûk fan de sosjale media as in middel om de jongeren te berikken. Fierder sjogge wy graach dat it kolleezje de rezjy nimt en mei partijen yn petear giet om te sjen oft de Wâldsang toaniellessen jout of jaan kin. Der is ferlet fan sa docht bliken.
Einddatum
Afgedaan
Afgedaan
Stand van zaken
030222: De moasje is ferwurke yn it útfieringsplan fan de Kultuernota Ut de kûlizen. De kultuernota stiet op de wurklist fan de riedsgearkomste fan 3 maart 2022. 060422: Aan het presidium wordt op 21 april voorgesteld de motie als afgedaan te beschouwen. 210422: het presidium heeft besloten de motie als afgedaan te beschouwen.
Datum afdoening
21-04-2022
Bijlage(s)
Stemming
Stemmen
100% Voor
voor
CDA-fractie (6), FNP-fractie (4), PVV-fractie (1), CU-fractie (2), GBA-fractie (2), GroenLinks-fractie (1), PvdA-fractie (2), VVD-fractie (1)