Ga naar de inhoud van deze pagina Ga naar het zoeken Ga naar het menu
Vorige pagina

Moties

Ferljochtingsplan monumintale tsjerken

ID
386
Agendapunt
Raadsvergadering 2021 (9. Kultuernota Ut de kûlizen )
donderdag 25 november 19:30 tot 23:00
Videovergadering
Programma
Programma 5 - Sport, cultuur en recreatie
Onderwerp
Ferljochtingsplan monumintale tsjerken
Portefeuillehouder
  • M. de Haan
Status
Verworpen
Fractie(s)
  • FNP
Raadsleden
  • dhr. T.O. Brinkman
Toelichting
Konstatearjende dat: • De gemeente Achtkarspelen ± 70 rykmonuminten hat en de gemeente Tytsjerksteradiel ± 160. • It grutste part fan de monuminten út wenten en pleatsen bestiet. • Der dêrneist tsjerklike gebouwen en ûnderdielen dêrfan ryksmonumint binne. • Der noch in kategory oars is mei bygelyks mûnen, klokkestuollen en skuorren. • Beide gemeenten organisaasjes ha dy’t dwaande binne mei de histoarje. Ropt it Kolleezje op: • Mei in ferljochtingsplan te kommen yn gearwurking mei de tsjerken om ús net ferljochte monumentale tsjerken LED ferljochte pronkje te litten. • En de besteande ferljochte tsjerken te stypjen by ferbetterings en/of te stypjen as de oergong nei LED noch plakfine moat. • Dit plan oan de ried foar te lizzen by de begruttingsried fan 2022. Taljochting: • Lit ús monuminten net allinich by dei pronkje • Ferljochting draacht by oan it gefoel fan identiteit en grutskens binnen de doarpen/gemeente • De Nederlandse Stichting voor Verlichtingskunde (NSVV) hat hjir in soad ûnderfining mei • De tsjerken yn it ljocht kinne in “pilot” wêze foar in grutter monumentaal ferljochtingsplan Organisaasjes dy’t har dwaande hâlde mei de histoarje yn de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne: - Stichting Oud-Achtkarspelen, mei as doel it kweekjen fan belangstelling foar de skiednis fan de gemeente Achtkarspelen - Stichting Karakteristyk Tytsjerksteradiel, dy’t har dwaande hâldt mei it behâld fan karakteristike pannen en it streekeigene - Stichting Cultureel Erfgoed Trynwâlden, mei as doel behâld fan it kultureel erfgoed fan de Trynwâlden Net ferljochte tsjerken binne: • De Mariatsjerke fan Bûtenpost • De Petrustsjerke fan Twizel • De Herfoarme tsjerke fan Gerkeskleaster • De Benedictustsjerke fan Koatstertille Wol ferljochte tsjerken binne: • De Augustinustsjerke fan Stynsgea • De Walburgatsjerke fan Droegeham • De Doarpstsjerke fan Surhústerfean • De Antoniustsjerke fan Surhuzum
Einddatum
Afgedaan
Afgedaan
Stand van zaken
Datum afdoening
Bijlage(s)
Stemming
Stemmen
37% Voor
63% Tegen
voor
FNP-fractie (4), PVV-fractie (1), PvdA-fractie (2)
tegen
CDA-fractie (6), CU-fractie (2), GBA-fractie (2), GroenLinks-fractie (1), VVD-fractie (1)