Anita Vellema-Plazier
- Politieke partij
- CU
- Adres
-
Postbus 2
9285 ZV Buitenpost - Emailadres
- a.vellema@achtkarspelen.nl
- Telefoonnummer
- 06 – 23 92 08 94
- https://www.facebook.com/anita.vellema.9
- Nevenfuncties
- Eigenaar Yn Oarder administratieve dienstverlening (bezoldigd) -- Ambtenaar gemeente Dantumadiel -- Vrijwilliger PKN Kootstertille (onbezoldigd) -- Penningmeester Club van 100 SCK (onbezoldigd)
Opbrocht yn Koatstertille ha ik op ferskate plakken aktyf (west) as frijwilliger. Fan de nijjiersrevu, de skoalle en de tsjerke oant de fuotbalklup. Ik draach sa graach myn stientsje by oan de mienskip. Mei myn man en fjouwer bern wenje ik mei in soad wille noch altyd yn de Tille, mar ik mei ek graach reizgje om yn de kunde te kommen mei oare kultueren.
Yn myn frije tiid mei ik graach leuke dingen dwaan mei ús gesin en freonen en genietsje ik fan ús prachtige omjouwing sa as de Twizelermieden. Mar ek Skotlân hat in spesjaal plakje yn myn hert. At it heal kin gean ik dêr alle jieren te rinnen yn de Highlands.
Ik wol besykje de polityk tichter by de minsken te bringen en sil my benammen ynsette foar sterkere gesinnen yn Achtkarspelen. Ek de jeugd kin op my rekkenje. It is wichtich dat harren stim better heard wurdt by de beslútfoarming yn de gemeente. Mar net alinnich de jeugd, as folksfertsjinwurdiger foar alle ynwenners fan Achtkarspelen sil ik myn bêst dwaan.
Stemgedrag
| Onderwerp | Datum | Stem | Uitslag |
|---|