Ga naar de inhoud van deze pagina Ga naar het zoeken Ga naar het menu

Ytje van der Meulen-Rozendal

Ytje van der Meulen-Rozendal
Politieke partij
FNP
Adres
Postbus 2
9285 ZV Buitenpost
Emailadres
y.vandermeulen@achtkarspelen.nl
Nevenfuncties
Barista bij Firda Drachten (bezoldigd) - Vrijwilliger Pub-er Twizel (onbezoldigd)

Goeie! Myn namme is Ytje van der Meulen-Rozendal. Berne op it prachtige Feanwâldsterwâl yn de Bakkerssteeg op 27 oktober 1981. Dat makket dat ik 44 jier âld bin.
Ik wenje yn Twizel mei myn man Willem en ús 3 bern,14,12 en 10 jier.
Yn it deistich libben bin ik Barista by Firda Drachten.
Al ferskate kearen wie ik benadere troch ús listlûker at ik der ek wat foar fielde om polityk aktyf te wurden foar de FNP. “Want dû hast oer in protte saken in miening en bist ek net benaud om dy út te sprekken”, waard der sein. Mar de bern wienen noch sa lyts, dat fûn ik lestich te kombinearen.
Oant ús dochter ferline jier berneboargemaster waard. Geregeld kaam ik yn de kunde mei de gemeenteried en begong de nijsgjirrigens hieltyd grutter te wurden. Ik ha de kursus “polityk actyf” folge en bin uteindelik mar yn it djippe sprong. Sûnt septimber 2025 bin ik stipefraksjelid fan de FNP wurden.
Ik hoegde der net lang oer nei te tinken om my oan te sluten by de FNP. Sûnt myn 18e ha ik noch nea oars regionaal stimd!
De FNP Achtkarspelen past by my. In partij dy’t syn sûne wâldske ferstân brûkt. Opkomt foar alle minsken yn ús moaie gemeente. Mei it belang fan ús Fryske kultuer heech yn it findel. Allegearre saken dy’t tichtby myn hert lizze as grutske wâldpyk!
Ûnderwerpen as ûnderwiis, wolwêzen fan ús bern, mar ek de feiligens fan froulju, fyn ik tige wichtich. De takomst fan ús lytse doarpkes is ek wat om foar striden te bliuwen. Jeugd dy’t yn it eigen doarp wenjen bliuwe kin, kultuereel wurk, ferienigings, doarpshuzen ensf.

Stemgedrag

51 Stemmen, 88% voor
Onderwerp Datum Stem Uitslag