Anne Douwe Bouma
- Politieke partij
- FNP
- Adres
-
Postbus 2
9285 ZV Buitenpost - Emailadres
- ad.bouma@achtkarspelen.nl
- Telefoonnummer
- 06 - 22 58 06 57
- https://www.facebook.com/annedouwe.bouma
- @annedouweb
- https://www.linkedin.com/in/anne-douwe-bouma/
- Nevenfuncties
- Team leader software Development by Kooi Camera Surveillance (beleanne) - Eigener softwarebedriuw Bouma Tech (beleanne)
Myn namme is Anne Douwe Bouma, 25 jier âld en ik wenje mei myn freondinne yn Twizelerheide. Ik bin yn it deistich libben wurksum as software-ûntwikkelder by Kooi yn Drachten, haw in eigen bedriuw yn itselde wurk en bin sûnt 2024 riedslid foar de FNP.
It ynsetten foar de polityk is begûn yn 2022 doe’t ik as stipefraksjelid beëdige bin foar de FNP fraksje. Ik fyn it belangryk dat myn generaasje, de jongerein, ek fertsjintwurdige is yn de polityk. Der binne in soad útdagings en kânsen hjoed-de-dei en ik fyn it goed dat dêr mei in nochtere, Fryske en normale wize nei sjoen wurdt. Dat bynt my oan de FNP.
De beslissings dy’t ynfloed hawwe op de takomst fan ús gemeente, ús ynwenners en ús omjouwing, moatte ek sa ticht as mooglik by hûs nommen wurde. Dêrneist fyn ik it belangryk dat ús Fryske taal en kultuer bestean bliuwt om’t dat foar in protte minsken de taal fan it hert is.
De takomst fan de gemeente wurdt no makke! Dêr wurdt troch de minsken fan ús partij mei sûn ferstân nei sjoen en mei-inoar soargje wy derfoar dat de leefberens yn al ús doarpen goed bliuwt, as dy no lyts of grut binne. Om dêr foar te soargjen moat der boud wurde, moatte de foarsjennings bestean bliuwe en moat de polityk ticht by de ynwenners stean. Der is in takomst foar elkenien.
Stemgedrag
| Onderwerp | Datum | Stem | Uitslag |
|---|